Maak kennis
  • Lokaal, groen en duurzaam
  • Eigen stroomopwekking
  • Energiebesparing
  • Zonder winstoogmerk

“WAARM SITTE”: 9. Ûnder de krystbeam!

woensdag 7 januari 2026

Bêste minsken, hjir stie in tige nijsgjirrich ferhaalstje foar jim klear yn it Hollansk. Mar de lju om mij hinne seinen: “Sonde fan dat stik Bauke, dat fâlt ‘er mei de Kryst toch bij troch by al  dy Krystdrokte”. Nou, dat ferhaalstje (“column”) komt dan no yn it nije jier! Binne wij dan gau klear. En omdat jimme no dochs blykber net sa manmachtich binne, giet dit ferhaalsje nouris yn it Frysk!

Hooplik is it jim opfallen dat ik dit jier op dit plak geregeld op ‘e tekst west ha op it téma: Waarmte, ferwaarmje, besparje en – ja – duorsumens. En dat die ik yn it Hollânsk om gjin minsken te missen. (En jimme kinne dat ek wol wat lêze, tocht ik…).Takomme jier mear dêrfan dus. De ferhaaltsjes fan dit jier binne werom te lêzen op it Wrâld Wiide Web, op de side fan de Energykoöperaasje. It adres stiet ûnderoan dit ferhaal. It hyt dêr fan “Blogs”, dat moat nochris oars: “Columns” is better. As jimme se net kinne: mooi putsje foar it ein fan it jier. Lêze blinder!

 

“Waarm sitte” passet fansels goed bij de Krysttiid! Wij komme dan graach bij inoar mei famylje en kinne dan inoar letterlik (en figuerlik) waarm hâlde. Dat sadwaande gjin ge-eamel hjir oer hoe wij ferstannich it hûs waarm krije:  Jei it fjoer mar yn it brânhout en jow in slinger oan de termostaat! Oare jier prate wij wol wer fierder.

De column yn de earste Stienser fan 2026 sil hjitte fan “De zon is de baas”. En yn it begjin sil earne stean:  “ … onze aarde krijgt op één dag ongeveer 10 tot 15 keer zoveel energie van de zon toegezonden als de hele mensheid tegenwoordig in één jaar verbruikt!”.  Faaks wisten jo dit al, maar oars is it wol goed om dit yn dizze dagen ris te oertinken, of … sels even nei te sykjen.

Puzzel: Dan hawwe wij noch in krystpuzzel: Sykje ris út hoe grut ús ierde is, fanôf de sinne sjoen. Grutter, of lytser as dat wij Venus sjogge?

Bij eintsjebeslút: In waarm hert tawinske, noflike dagen en in tolerant en fredich 2026!

 

Nieuwsbrief

Schrijf je nu gratis in voor het NIEUWSBULLETIN van de Stienzer Energykoöperaasje U.A. en ontvang regelmatig het laatste nieuws in je mailbox!

Stienzer Energykoöperaasje U.A.